mear kultuer

Galery Lytse Skientme kin ek brûkt wurde foar lytsskalige aktiviteiten op it mêd fan kultuer. Dêrby giet it bygelyks om akoestyske optredens, kabaret, in poëzymiddei, boekpresintaasjes en lêzingen. Spitigernôch hawwe dizze aktiviteiten stillein sûnt maart 2020, mar fan oktober 2022 ôf pakke we ús hjerst – en winterkonserten wer op.

Op 9 oktober 2022 wie Act of Mutiny yn ús galery yn Koudum, in optreden dat ynearsten pland wie op 15 maart 2020.

Op 13 novimber 2022 spilet it duo Hoed en de Rand yn de galery, op 18 desimber is it de beurt oan it pianoduo Elfferich & Pavlov. Yn 2023 is het alderearst de beurt oan singer-songwriter Marije de Vries op sneintemiddei 15 jannewaris, wêrnei’ t op 19 febrewaris de Frânsk-Nederlânske sjonger-gitarist Edouard folget.

In oersjoch fan al ús kulturele aktiviteiten oant no ta stiet hjir.