oer ús

Dan swaaist ynienen ôf, nee better
springst samar oer de eachsein
en stiichst nei lytse skientme.

De eigners fan Gallery Lytse Skientme binne Brigitte Duin en Jelle van der Meulen dy’t ein 2016 fan Castricum nei Koudum ferhuzen. Yn maart 2017 stie dêroer in ynterview yn Bulte Nijs, de Doarpskrante fan Koudum.

De eigners

oer brigitte duin

Brigitte Duin hat in protte jierren wurke yn de soarch en as haptotherapeut. Boppedat is se in byldzjend keunstner en die se de Kunstacademie Haarlim. Hja krige les fan Fokelien Faber en waard begelaat troch Eric Beets. Brigitte Duin skildert benammen abstrakte lânskippen.

oer jelle van der meulemn

Jelle van der Meulen hat Nederlânsk studearre (mei Frysk as byfak) en hat les jûn oan middelbere skoallen yn Mijdrecht, Castricum en Velsen-Zuid. Hy is in troubadour yn it duo Hoed en de Rand en hy skriuwt (yn it Nederlânsk) besprekken fan Fryske boeken. Nei oanlieding fan de ferhuzing fan Castricum nei Koudum stie der in ynterview mei him yn ‘e Leeuwarder Courant (27 januaris 2017).

Galery Lytse Skientme is húsfeste yn it gebou dêr’t fan 2008 oant 2016 galery De Souverijne fêstige wie.

Galery Lytse Skientme
Brigitte Duin & Jelle van der Meulen
Hoofdstraat 26
8723 BH Koudum
e-mail: galerielytseskientme@gmail.com
tillefoan: 0514856593
mobyl: 0640350461
KvK-nummer 67427944