Galery Lytse Skientme smyt it yn 2024 oer in wat oare boech. Rjochte de galery yn de Koudumer Hoofdstraat fan 2017 oant 2023 tusken begjin april en heal septimber fjouwer ferskillende eksposysjes yn mei hieltyd trije keunstners, yn 2024 is der yn deselde eksposysjeperioade ien trochrinnende eksposysje fan sa ’n tsien oant fyftjin keunstners.
Dy keunstners sille benammen – mar net allinnich – lyts wurk sjen litte. Sa wurdt it tafallich langslopende besikers makliker makke om betelbere keunst oan te skaffen. De measte keunstners komme út de noardlike provinsjes, al bliuwt der ek romte foar keunstners út oare kriten fan Nederlân en sels bygelyks Frankryk.
15 febrewaris – 24 maart eksposysje skilderijen Brigitte Duin
Eksposysje 2024: 30 maart – 14 septimber
Mear keunst yn Koudum:
- By it Beeldhouwcentrum – oan it begjin fan de Hoofdstraat – biine bylden te sjen en te keap, plus alderhanne byldhouwmaterialen. Ek wurde dêr kursussen en worksho jûn.