Na de verhuizing van Castricum naar Koudum – eind 2016 – interviewde Sietse de Vries Jelle van der Meulen voor de Leeuwarder Courant over zijn fascinatie voor Friesland en het Fries. Het interview stond in de Leeuwarder Courant van vrijdag 27 januari 2017. De tekst staat leesbaar (tenminste, als je Fries kunt lezen) onder de foto van het artikel.
It fielt as thúskommen
SIETSE DE VRIES
Sûnt syn studintetiid folget er fanút Hollân de Fryske literatuer. Mar no is it der dochs fan kommen en is Hollanner Jelle van der Meulen (65) nei Fryslân ferhuze.
‘Waar ligt Koudum?’’ Dy fraach fan Brigitte Duin, syn frou, lei april foarich jier de basis foar de ferhúsplannen. „Daar staat een galerie te koop”, wie it antwurd op de fraach wêrom’t se dat witte woe. Jelle van der Meulen naam de iPad oer om de foto’s te besjen en om Brigitte út te lizzen wêr’t Koudum lei. In wike letter hiene se de galery-mei-wenhûs yn de Hoofdstraat fan Koudum kocht.
Wa’t sa no en dan op ynternet omstrúnt op syk nei besprekken fan Fryske literatuer, kin net om him hinne. Op syn eigen side www.frieseliteratuur.nl lit Jelle van der Meulen syn ljocht skine oer fan alles dat yn ’e rin fan ’e jierren oan Fryske boeken – proaza, poëzij en skôgjend wurk – útkommen is. Yn it Nederlânsk, dat wol. Want hoe goed er it Frysk ek praat en lêst, skriuwe hanniget him yn syn memmetaal krekt wat better.
Syn leafde foar Fryslân en it Frysk is foar in grut part oan it tafal te tankjen, seit er. Hy groeide op yn Castricum yn Noard-Hollân. Doe’t er santjin wie, fûnen heit en mem him noch wat te jong om selsstannich te kampearen. In kollega fan heit hie in plakje op camping It Soal by Warkum, dy bea oan dat er de boel wol wat yn ’e gaten hâlde soe as Jelle en syn maten dêr de tinte opsetten. Jelle van der Meulen: „As dy man yn Brabân kampeard hie, hie ik miskien mei dy provinsje wat ik no mei Fryslân haw.”
Hy trof der in famke út Driezum en doe’t er datselde famke in jier letter wer yn Warkum trof , rûn it op ferkearing en trouwen út. „Doe’t myn opa en oma har foar it earst seagen, begûn opa Frysk tsjin har te praten. Ik wist net wat ik hearde, ik wist hielendal net dat er dat koe. Hy kaam oarspronklik fan Snits. Doe waard ik my derfan bewust dat ik foar in kwart Fries bin.”
Yn dyselde snuorje ferfear er fan Castricum nei Amsterdam om dêr Nederlânsk te studearjen. It Frysk naam er as byfak. Trije jier lang hat er him ûnder lieding fan professor E.G.A. Galama – „dy man joech op in hiele tradisjonele manier kolleezje, ik mocht dêr wol oer” – ferdjippe yn de Fryske literatuerskiednis. „Ik bin Frysk begûn te lêzen en dêr noait wer mei opholden.”
Dat Frysk lêzen krige in ekstra stimulâns doe’t it Nederlands Bibliotheek en Lectuurcentrum (letter Biblion) him frege oft er nije Fryske boeken lêze woe. Fan elk boek moast er in koarte gearfetting meitsje en in oanbefelling jaan oer it al of net oanskaffen en foar hokker bibleteken. Dat hat er mear as tritich jier dien.
Yn 1996 is er mei www.frieseliteratuur.nl úteinset. De bibleteekstikjes krigen dêrop, faak yn in útwreide foarm, in plakje. Ek makke er romte foar langere, mear serieuze besprekken. Dêr is er oant op ’e dei fan hjoed mei trochgien.
Nei’t er 25 jier yn Amsterdam wenne hie, is er mei syn twadde frou Brigitte nei it wat rêstiger Castricum weromferhuze. „Ik hie it der mei myn earste frou wolris oer hân om nei Fryslân te ferhúzjen. Mar ik wie learaar en der binne yn Fryslân folle minder skoallen, dat it is der noait fan kommen. Doe’t wy fan Amsterdam nei Castricum ferhuzen, wie ik derfan oertsjûge dat ik oait nei Amsterdam weromgean soe.”
Nei de skieding fan syn earste frou hie er noait mear yn him omgean litten en ferhúzje nei Fryslân. „Yn myn dreamen miskien, mar die ha’k dan goed foar mysels ferburgen holden. Wat ik wol miste yn Castricum wie dat ik noait minsken Frysk praten hearde. En dat fyn ik no krekt sa moai. Miskien dat Frysk hearre wolle in ferburgen reden west hat om dizze kant út te wollen, want oars soe ik it net witte. It wie in gefoel, hoe moat ik it oars omskriuwe? Wy hawwe sûnt in pear jier in caravan. As Brigitte frege ‘gaan we naar Friesland of Drenthe?’ dan waard it Fryslân.”
Alles feroare doe’t Van der Meulen foarich jier mei pinsjoen gie. Dat der yn Fryslân minder skoallen foar fuortset ûnderwiis binne, makke ynienen neat mear út. „Brigitte hat wat mei huzen. As se net thús is, nimt se in programma as Escape to the Country spesjaal op. Se mei ek graach wat op Funda omstrune. Dan freget se my: ‘Waar ligt Idzingahuizen? Daar staat een schoolgebouw te koop. En: waar ligt Dronrijp?”
Brigitte Duin hat wurke as wykferpleechster en haptoterapeut. Op lettere leeftiid hat se de keunstakademy yn Haarlim dien.
Sy en har man hawwe in skoftlang yn Castricum op syk west nei in gebou dat geskikt wie om yn te wenjen en om der in galery yn te begjinnen. Sûnder resultaat. Om dochs belutsen te bliuwen by de keunst hawwe se acht jier lang eksposysjes organisearre yn in restaurant yn Castricum.
En doe wie der op in dei yn april ynienen de fraach: „Waar ligt Koudum? Daar staat een galerie te koop.”
Se wiene fan doel om in pear wike letter mei de caravan nei Fryslân ta, koene se der moai eefkes lâns ride. Van der Meulen: „Mar it spile ús hieltyd troch de holle, dat wy ha dy freeds daliks de makelder belle. De moandeis dêrnei ha wy hjir foar it earst sjoen. Wy wiene daliks ferkocht. Moaie galery en in doarp mei in bakker, in grienteboer, in slachter, in skuonmakker, in fytsmakker: alles is der.”
Op 27 desimber hawwe se it lêste guod fan Castricum nei Koudum oerbrocht – „ik haw de helte fan myn Nederlânske boeken fuortdien, alle Fryske binne meigien” – sûnt wennet Jelle van der Meulen op syn 65ste foar it earst yn Fryslân. „It is in bytsje raar, mar it fielt as thúskommen. En dat wylst ik hjir noait wenne ha. It sil fan de taal komme. En it hat mei de romte te meitsjen.”
„Yn Castricum wennen wy op in kertierke fytsen fan it strân. Dêr rûn ik faak mei de hûn, dat mis ik wol, moat ik sizze. Mar hjir rin ik moarns betiid mei de hûn nei de Morra, sjoch ik dêr de sinne opkommen. Koudum is in moai doarp. It leit op in âlde kearwâl en dêrtroch stekt it in meter as sân boppe de omjouwing út. Dat rint hearlik licht ast moarns betiid it doarp útkuierest.”
„Wy hienen it eins al opjûn, dy eigen galery. En doe kaam dit. Der wiene daliks minsken dy’t fregen: wêr begjinne jim oan? Mar de echte freonen seine: dit is echt wat foar jim. Wy sitte hjir no goed trije wike, en no al sizze wy tsjin elkoar: wy kinne hjir wol âld wurde.”
Hy is bliid dat er nei al dy jierren einlings tusken minsken ferkeart dy’t Frysk prate. Alhoewol… „Se witte hjir dat ik gjin Koudumer bin en dêrom begjinne se faak yn it Hollânsk tsjin my. Dat is in probleem. Ik fyn dat de Friezen fierste gau yn it Hollânsk begjinne.”
Oan de namme fan de galery – Lytse Skientme – kin it net lizze. „Wy hawwe dy namme hiel bewust keazen. It beskiedene dat út ‘lytse’ sprekt yn kombinaasje mei in djoer wurd as ‘skientme’. In oantal Koudumers seine al dat se it wurdboek derby ha moasten. As learaar docht it my goed dat de minsken allinne fan sa’n namme al wat opstekke.”
No’t er pinsjoen hat, hat Van der Meulen aardich mear tiid foar de muzyk – hy makket al jierren diel út fan it duo Hoed en de Rand – en foar de literatuer. Trettjin jier lyn sei er yn in ynterview dat de Fryske literatuer yn kwaliteit net ûnderdocht foar de Nederlânske. Immen as Trinus Riemersma koe neffens him de ferliking mei grutheden as Mulisch en Hermans bêst oan. Mar no’t de grutten yn de Fryske en de Nederlânske literatuer der net mear binne, wurdt neffens Van der Meulen it ferskil dúdlik tusken in wat gruttere en in lytse literatuer.
„Der is hiele rige goede Nederlânske skriuwers opstien sûnt it ferstjerren fan Mulisch, Hermans en Reve. Yn it Frysk is dat net bard. Der binne wol in stik as wat jongere skriuwers dy’t sa no en dan in goed boek skriuwe, mar oan it nivo fan Riemersma komme se net ta. No ja, der is ien dy’t ik wol hiel goed fyn: Aggie van der Meer. Mar dy is 89 jier.”