Mear kultuer

Op 16 febrewaris 2020 hiene we tegearre mei ús buorman ‘De Pianoman’ in poëtyske lunch. It duo Hoed en de Rand song gedichten yn de galery en dat waard ôfwiksele mei in lunch by ‘De Pianoman’.

Dat wie it lêste foar de coronamaatregels. It maritime folkkonsert fan Act of Mutiny wie op 15 maart 202 wol útferkocht, mar gie jammergenôch net troch fanwegen de koroanamaatregels.


Op 17 febrewaris 2019 wie der foar it twadde jier in poëzymiddei yn alle galerys – en dus ek by ús –  yn de Hoofdstraat fan Koudum:

https://koudum.nl/slagge-middei-mei-poezy-en-muzyk-yn-de-hoofdstraat/

Op 20 jannewaris 2019 wiene alle plakken beset by it optreden fan singer-songwriter Yasmijn Kramer.

Op 21 oktober 2018 spile Tryater yn ús galery, op 25 novimber wie it fol by it optreden fan Paddy’s Day Off.

Op 14 oktober 2018 song Sjoukje van der Land har Fryske lietsjes:

Op 1 juni 2018 wie der in konsert fan Orit Shimoni, in Kanadees-Israëlyske singer-songwriter.

Op 28 maart 2018 brocht in fjirde klasse fan it Bogerman Kolleezje yn Koudum in besite oan Galery Lytse Skientme. Brigitte Duin joech in gastleske oan de learlingen dy’t dit jier eksamen dogge yn keunstfakken en no in bytsje sjen koene yn ‘e keuken fan in keunstner.