mear kultuer

Galerie Lytse Skientme kin ek brûkt wurde foar lytsskalige aktiviteiten op it mêd fan kultuer. It giet dêrby bygelyks om akoestyske optredens, kabaret, in poëzijmiddei, boekpresintaasjes en lêzingen.

Der is yn ‘e galery romte foar maksimaal tritich minsken. Fan ‘e galery út sille wy sels in tal fan aktiviteiten yn ’t jier organisearje en boppedat is der romte foar inisjativen fan oaren. Nim dêrfoar kontakt mei ús op: galerielytseskientme@gmail.com.

Op kommende wei:

27 oktober 2019: Theo Stobbe

24 novimber 2019: Troubadour-songwriter Stefan van de Sande

26 jannewaris 2020: Dominque Engers – Geen haast

16 febrewaris 2020: Poësymiddei

Op 17 febrewaris 2019 wie der foar it twadde jier in poëzymiddei yn alle galerys – en dus ek by ús –  yn de Hoofdstraat fan Koudum:

Slagge middei mei poëzy en muzyk yn de Hoofdstraat

Op 20 jannewaris 2019 wiene alle plakken beset by it optreden fan singer-songwriter Yasmijn Kramer.

Op 21 oktober 2018 spile Tryater yn ús galery, op 25 novimber wie it fol by it optreden fan Paddy’s Day Off.

Op 14 oktober 2018 song Sjoukje van der Land har Fryske lietsjes:

Op 1 juni 2018 wie der in konsert fan Orit Shimoni, in Kanadees-Israëlyske singer-songwriter.

Op 28 maart 2018 brocht in fjirde klasse fan it Bogerman Kolleezje yn Koudum in besite oan Galery Lytse Skientme. Brigitte Duin joech in gastleske oan de learlingen dy’t dit jier eksamen dogge yn keunstfakken en no in bytsje sjen koene yn ‘e keuken fan in keunstner.