wolkom

Galery Lytse Skientme is sûnt tsien jier in galery foar moderne en betelbere keunst yn Koudum. Wy binne iepen yn de simmermoannen. Yn de hjerst en de winter is de galery allinnich iepen op ôfspraak, útsein yn de perioade fan 30 jannewaris oant 13 maart 2027. Dan jouwe we foar de fiifde kear romte oan Histoarysk Koudum dy’t dit kear in eksposysje ynrjochtsje sil oer ‘Koudum en it wetter’. Op in pear sneintemiddeis yn ‘e hjerst en de winter is der in yntym konsert, sjoch dêrfoar de aginda.

Fan oktober 2026 oant ein jannewaris 2027 binne yn ús galery skilderijen te bewûnderjen fan Brigitte Duin. Ek hingje der inkelde lytse Waadskilderijen fan Joke Ket, fan wa’t ek ‘Wadvensters’ en ‘Wadkiekers’ te keap binne. As fanâlds binne der fierder rakubylden fan Hélène van Dongen en brûnzen byldsjes fan Jean Kamps. Fan Allart Okx is der lyts glêswurk oanwêzich.

Mear keunst yn Koudum:

  • By it Beeldhouwcentrum – oan it begjin fan de Hoofdstraat – biine bylden te sjen en te keap, plus alderhanne byldhouwmaterialen. Ek wurde dêr kursussen en worksho jûn.