mear kultuer

Galery Lytse Skientme kin ek brûkt wurde foar lytsskalige aktiviteiten op it mêd fan kultuer. Dêrby giet it bygelyks om akoestyske optredens, kabaret, in poëzymiddei, boekpresintaasjes en lêzingen. Maksimaal 30 besikers.

Yn oktober 2025 wie de Ingelske singer-songwriter Jeremy Johnson op in sneintemiddei yn ús galery, tegeare mei de Frysk-Nederlânske singer-songwriter Marije de Vries. Jeremy Johnson pleatste dêroer sels in filmke op Facebook.